IN HET NIEUWS OMROP FRYSLAN RADIO EN TV: WETHALDER OERLIBBET MOASJE

Wethâlder Isabella Diks fan de gemeente Ljouwert hat moandeitejûn in moasje fan ôfkeuring oer har rol yn it debâkel fan De Harmonie oerlibbe. Sy moast tasizze dat se yn de takomst alle ôf- en meifallers fuortendaliks oan de ried fertelle sil en dat woe de wethâlder net. Diks wist al yn maaie fan it grutte tekoart by it teater, mar kaam dêr ôfrûne wike pas mei nei bûten ta en dat stekt de opposysjepartijen. De wethâlder fynt dat har neat te ferwiten falt, omdat sy de saak earst ûndersykje woe. It hat fierders ek gjin gefolgen, want de gemeente Ljouwert is ferplichte om it tekoart fan in miljoen by te passen. Omrop Fryslân Radio >>> Omrop Fryslân TV >>>