VVD IN HET NIEUWS: VVD FIELT NET FOAR BOUWREGELS (OMROP FRYSLAN RADIO)

Omrop Fryslan. De VVD Ljouwert fielt neat foar spesjale miljeufreonlike bouregels foar hiel Noard-Nederlân. It kabinet hat besletten dat it Noarden in soarte fan proeftún wurdt fan boubesluten dy't strange easken stelle oan saken as duorsumheid. De Ljouwerter VVD-fraksje fynt dat soks op lanlik en net op regionaal nivo dien wurde moat. Boppedat fine de liberalen it tiidstip fan de proef ferkeard want de wenningmerk sit noch hieltyd yn in krisis. Fierder soe ûndúdlik wêze oft wenningen djoerder of krekt goedkeaper wurde troch de nije bouregels. Interview Omrop Fryslan Radio >>>