VVD in het nieuws: Omrop Fryslan TV over Novolectriq
Bron: Omrop Fryslan. It bedriuw Novolectriq, dat yn 2010 mei in soad tamtam nei Ljouwert helle waard, hâldt op mei it ûntwikkeljen fan elektryske auto's yn Ljouwert. Alle aktiviteiten wurde ferpleatst nei Oosterhout yn Brabân. De reden soe wêze dat it bedriuw in nij bedriuwsplan opsteld hat. Dêryn soe de lokaasje yn Ljouwert net langer passe. Dat is opmerklik, want de gemeente Ljouwert hat in soad muoite dien om it bedriuw hjirhinne te heljen. Sa waard in grutte hal foar it bedriuw kocht. Ek krige it bedriuw yn augustus noch 150.000 euro fan it Fryslân Development Fûns fan de provinsje. Troch it ferpleatsen fan de aktiviteiten hawwe goed tsien minsken harren baan ferlern. Novolectriq tinkt noch nei oer in nije bestemming foar de hal yn Ljouwert. De VVD yn de ried fan Ljouwert wol opheldering fan it kolleezje oer it ferdwinen fan it bedriuw Novolectriq. It bedriuw dat him dwaande hâldt mei de ûntwikkeling fan elektryske auto's waard ferline jier mei in soad tamtam nei Ljouwert helle. Mar moandei waard bekend dat it alle aktiviteiten ferpleatst wurde nei Oosterhout yn Noard-Brabân. Omdat Ljouwert ferline jier spesjaal foar de komst fan Novolectriq in hal oankocht hat foar de wurksumheden wol de VVD antwurden.Omrop Fryslan: Reportage Omrop Fryslan TV >>>