It liket in nije trend yn ferkiezingslân: de partijwinkel. Ferskate politike partijen ha yn Ljouwert in leechsteand winkelpân hierd as útfalsbasis foar de kampanje foar de riedsferkiezings. En fansels om kiezers te moetsjen. Dit wykein hat de VVD in eigen winkel iepene oan it Raadhuisplein, tichtby it stedhûs. Listlûker Aukje de Vries hantearre de skjirre om it kampanjehûs te iepenjen. Ek PAL/GrienLinks en de PvdA ha in eigen gebou yn Ljouwert. Omrop Fryslan TV >>>