VVD IN HET NIEUWS: OMROP FRYSLAN RADIO OVER COLLEGE-ONDERHANDELINGEN

De PvdA, it CDA en Pal/GrienLinks sille de kommende fjouwer jier yn Ljouwert wer it kolleezje foarmje. Ynformateur Skelte Brouwers is mei dat advys kaam. De trije partijen sille mei fjouwer wethâlders fierder, ien minder as de ôfrûne riedsperioade. Dat yn ferbân mei grutte besunigings dêr't de gemeente foar stiet. De koalysje fan de trije partijen lei neffens de ynformateur it meast foar de hân. De measte partijen yn de ried koene har hjir it bêste yn fine. In opsje foar in breder kolleezje, mei bygelyks de VVD is fan de hân wiisd fanwege de dúdlikheid nei de befolking en it feit dat debatten yn de ried fierd wurde moatte en net yn in kollleezje, neffens de oanbelangjenden. 
Interview Omrop Fryslân Radio met Aukje de Vries (VVD) >>>