VVD IN HET NIEUWS: OMROP FRYSLAN - RUTTE YN FRYSLAN

No't de gemeenteriedsferkiezings hieltiid tichterby komme, binne de kampanjes ek wer los. Moandei kamen Mariëtte Hamer fan de PvdA en Mark Rutte fan de VVD beide nei Fryslân. Hamer kaam om in taspraak te hâlden op de âlde sprekstoel fan Troelstra. Mark Rutte kaam foar in debat mei studinten. Hy krige in soad fragen oer it mooglik ferdwinen fan de basisbeurs. De kopstikken kamen fansels om de pleatslike partij-ôfdielings te stypjen by de kampanje. Omrop Fryslan TV >>> Rutte: foarbehâlld VVD foar JSF. De Twadde Keamerfraksje fan 'e VVD makket in foarbehâld foar de oanskaf fan 'e JSF. De kosten wurde hieltiid heger en ek moat earst goed dúdlik wurde hoefolle leven it tastel makket. Fraksjefoarsitter Mark Rutte sei dat nei ôfrin fan in ferkiezingsbijienkost op de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Rutte wol noch net definityf ôfskied nimme fan de JSF. Neffens him is it tastel geskikt foar de wichtigste taak fan de loftmacht: it beskermjen fan de eigen troepen as dy op missy binne. Omrop Fryslan Radio >>>