VVD IN HET NIEUWS: OMROP FRYLAN - WETTERSKIP FRYSLAN

Wetterskip Fryslân wol mooglik in nij haadkantoar bouwe. Dat seit dykgraaf Paul van Erkelens. Oant no ta wie allinne in ferbou fan it hjoeddeiske haadgebou oan de Harnzerstrjitwei oan de oarder, mar om't dat djoer útfalt, is nijbou op in oar plak in serieuze opsje. By it Wetterskip wurkje sa'n 750 minsken. Om de krapte yn it haadgebou op te lossen, hiert it wetterskip op dit stuit al romte yn it Crystalic-gebou. Yn de Ljouwerter polityk wurde de nijbou- of ferbouplannen fan Wetterskip Fryslân op de foet folge. De VVD stelt sels fragen oan it kolleezje om't se heard ha dat it wetterskip mooglik út Ljouwert wei wol. Dijkgraaf Van Erkelens op OF Radio >>> en Omrop Fryslân TV >>>