VVD IN HET NIEUWS: MOOGLIK WINKELNACHT LJOUWERT

Bron: Omrop Fryslân (19-09-2010). B en W fan Ljouwert fiele wol wat foar it VVD-idee foar in winkelnacht. De partij hopet sa mear besikers nei de binnenstêd te lûken. De winkels binne dan iepen fan seis oere jûns oant ien oere nachts. Der binne ek allegearre aktiviteiten lykas moadeshows en optredens fan artysten. Den Haach hat al langere tiid in winkelnacht. Dêr is it in súkses, neffens de VVD yn Ljouwert. De gemeenteried yn Ljouwert beslút ein dizze moanne oer de winkelnacht.