VVD IN HET NIEUWS: BEAMMETÚN FOAR BEGRAAFPLAK

It âlde stedsbegraafplak yn Ljouwert moat in beammetún wurde. Mei dat plan komme twa Ljouwerter riedsfraksjes; de VVD en de NLP. It begraafplak en lykhúske binne in ryksmonumint. De âlde grêven en gebouwen wurde opknapt, mar John Stoelinga fan de NLP en de Karen Vasbinder fan de VVD fine dat der ek wat mei it grien gebeure moat. Der stiet in grut ferskaat oan bysûndere beammen. En mei help fan it Natuurmuseum of it Histoarysk Sintrum Ljouwert kinne der edukative grienkuiers organisearre wurde op it begraafplak, mar ek yn oare parken. meer >>>