VVD IN HET NIEUWS: "VVD: BELESTING LJOUWERT LEGER"

VVD: belesting Ljouwert leger. De ûnreplikesaakbelesting moat nei ûnderen bysteld wurde no't huzen leger takseard wurde. Dat wol de VVD yn de ried fan Ljouwert. De taksaasjewearde fan huzen yn Ljouwert is yn 2009 mei 1,2 persint sakke. De VVD fynt dat de ûnreplikesaakbelesting likefolle nei ûnderen ta moat. De partij wol ek in regeling foar minsken dy't twa huzen hawwe, omdat se in nij hûs kocht ha wylst se it oare noch net kwyt binne. Sy soene foar ien hûs frijsteld wurde moatte. De maatregels dy't de VVD foarstelt, soene de gemeente Ljouwert mear as 40.000 euro it jier oan ynkomsten skele.