VVD IN HET NIEUWS: "KOMST FILMHUS YN MUSEUM UNWIS"
De ried fan Ljouwert jout noch gjin tastimming foar de yntegraasje fan it Frysk Filmhûs yn it Frysk Museum. It kolleezje fan B&W, it Filmhûs en it Frysk Museum wolle it graach, mar it kostet de gemeente Ljouwert mear as 2 miljoen euro en dat fine de riedsleden in grut risiko yn dizze tiid. In oar punt is dat de ried foar 1 april in beslút nimme moat. Oars rint it Saailânprojekt bot fertraging op. De ried fynt ek dat it plan net goed ûnderboud is. Omrop Fryslân radio >>>