VVD IN HET NIEUWS - OMROP FRYSLAN: VVD: LJOUWERT FEILICHSTE STAD
De VVD Ljouwert wol dat de Fryske haadstêd de feilichste stêd fan it Noarden wurdt. De binnenstêd soe in ynternasjonale proeftún wurde moatte fan feiligensbefoarderjende maatregels. Allerhanne partijen moatte útnoege wurde om mei foarstellen te kommen en proef te draaien yn de stêd. Ek soe der mear plysjetafersjoch komme moatte op strjitte. De VVD fynt dat it stellen fan fytsen, fuotbalfandalisme en drugsoerlêst hurd oanpakt wurde moat. De VVD wol ek mear wykaginten. Dizze saken steane yn it ferkiezingsprogramma fan 'e liberalen foar de gemeenteriedsferkiezings fan takom jier. meer >>>